L.H. Bouma:
It Norske teatret foar syn gouden feest
It mei bikend stean dat ek Noarwegen tangele sit mei in taelstriid, in frijhwat gearstald gefal. It kin lykwols ek de frjemden dúdlik wêze dat de foarstanners fan it Nijnoarsk, by âlds Landsmaal neamd, it opnimme foar in boeretael, dy't yn har eagen it echte Noarsk is, in tael dy't it swier hat har to hanthavenjen, om't de greate stêdden en in part fan it plattelân der frjemd foaroer steane en har ‘Riksmaal’ noarskernôch fine. It hoecht jin gjin nij to dwaen dat hja in swiere sile lûke. Mar hja hawwe ien ding dêr't hja wiis mei wêze kinne en dat is har eigen téater yn Oslo, ‘det Norske Teatret’, dat skielk 50 jier bistiet.
Wy bigripe dat hja bliid binne mei it sukses fan it téater. It hat ús hwat to sizzen, om't wy krekt likegoed sitte mei in stik bifolking dat gjin bek op it Frysk sette wol en dat skielk oanwinne sil. It seit ús hwat, as Johs. Aanderaa yn in artikel mei boppesteande titel yn it Nijnoarske moanneblêd Syn og Segn (1962, Hefte 4) dúdlik it kearnpunt oanwiist yn 'e wrakseling om in eigen kultureel libben: it jowt neat, hast likegoed to wêzen as de oare partij. Men moat better wêze.
Dêrom like it my goed ta - mei tastimming fan de skriuwer, dêr't ik tige tankber foar bin - de foar ús wichtichste einen út syn stik oer to nimmen.
‘It is in dream allyk hwat der joun bard is - dat wy in téater mei Noarske sprake yn Kristiania iepene hawwe en dat wy der it libben by hâlden hawwe’, sei Hulda Garborg op it feest nei de foarste foarstelling dy't it Noarske téater yn Oslo jown hat op 6 oktober 1913 yn Bøndernes Hus. De werklike iepenings-foarstelling hie oars al 2 jannewaris west yn Kristansand en formeel wie de Noarske Téater N.V. stifte de 22ste novimber 1912.
As wy nou tobek sjogge, moatte wy Hulda Garborg gelyk jaen, it wie in dream gelyk dat dat téater doe op 'e gleed komme koe. En in like great wûnder is it dat it oant hjoeddedei ta bistean bleaun is en nou foar it gouden feest sterker stiet as ea tofoaren.
It Noarske Téater wie yn it alderearste plak oprjochte as in wapen yn 'e taelstriid, dy't al in heale ieu raesd hie. Yn 'e stiftingsoprop waerd de klam derop lein dat it téater wêze