Print It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende In Fûgel. In fûgel het blier for my songen, Do 't ik klage: myn lieafde is forstoarn. Syn liet is myn sinnen trochkrongen; Myn hert is de wynsels ûntsprongen, As in blom yn de ûntweitsende moarn. Hy song fen in iwige sinne, Fen de hope, dy skynt oer ús paed; Hy song fen in herte fol minne, Det kloppet, net fier hjir fen dinne, Yn in doarpke, biskûle yn it skaed. Do liet er allinne my sitte; Ik harke, forbûke en forheard. Syn wûndersang kin 'k net forjitte; Mar minlike graech woe ik witte: Hwerearne is dy fûgel doch keard? Pieter Jelles. Vorige Volgende